Bylderôf klap foar La Lanka

07 maaie 2013 - 15:11
  • De byldetún fan La Lanka by De Tynje

Snein binne út byldetún La Lanka by De Tynje alve bylden stellen. De skea is grut. De bylderôf is ek in klap foar Inger Duits en Rien Suijkerbuijk, dy't in wike lyn foar it 17de jier de duorren iepensetten. Foar harren is de nocht der no ôf. Se sille har de kommende tiid beriede op de takomst.

Mear as 300 bylden binne te sjen yn de tún fan La Lanka. It giet om skulptueren fan Flaamske en Nederlânske keunstners. Rien Suijkerbuijk wie ferbjustere doe't er sneintemoarn de lege plakken seach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)