Bylden ûnderskepping frijjûn

19 aug 2011 - 14:35

De Loftmacht hat tongersdei bylden frijjûn fan twa F16's dy't Russyske bommewerpers ûnderskepten. De bylden binne makke mei in helmkamera. De F16's giene woansdei yn Ljouwert de loft yn. De Russen wiene it loftrom yn flein dêr't Nederlân foar ferantwurdlik is. Dat wie op 200 km benoarden de Waadeilannen.

De Russen skeine geregeld it loftrom. Dit wie al de fjirde kear yn koarte tiid. Definsje wit net wat dêr de reden fan is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)