Bylden Oskar nei filmargyf

21 des 2009 - 10:51

It argyf fan lokale omrop Oskar wurdt oerbrocht nei it Fries Filmargyf. Mear as 20 jier hat Oskar útstjoerings makke yn Skarsterlân. De lokale omrop Oskar bestiet net mear, dêrom wurde de dvd's en fideos fan de útstjoerings oerdroegen oan it Filmargyf. It giet om 777 oeren byldmateriaal.

Dy bytiden histoaryske bylden bliuwe no bewarre en elk dy't it nijsgjirrich fynt kin se yn it argyf weromfine. De gemeente jout it Fries Filmargyf ek 10.000 euro as 'bruidsschat'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)