Bylden Cambuur-VVV by de Omrop

13 aug 2008 - 21:58

Omrop Fryslân kin sneon gewoan de bylden fan de wedstriid fan Cambuur - VVV útstjoere. Dat is it resultaat fan ûnderhannelings tusken Eyeworks en Cambuur. In definityf beslút oer de rjochten is der noch net. Dêr wurdt tiisdei fierder oer praat.

Eyeworks en Cambuur hawwe in skeel oer de kosten fan de bylden dy´t by de Omrop te sjen binne. Cambuur drige sels om kameraminsken fan Eyeworks freed út it stadion te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)