Byld Hotze Schuil poater

03 jan 2014 - 16:43
  • It byld fan Hotze Schuil

It stânbyld fan Hotze Schuil op it Súderplein yn Harns is fuorthelle troch de FNP. Se sille it byld moarn presintearre op de nijjiersresepsje yn Frjentsjer. Dêr wurdt ek it startskot jûn foar de ferkiezingskampanje foar de gemeenteriedsferkiezings yn maart.

De gemeente Harns is eigner fan it byld en is op de hichte fan de aksje. Schuil stiet bekend as ien fan de bêste keatser ea yn Europa. It byld is pleatst yn 2006.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)