Byld fan Westhoff op Skylge

02 sep 2003 - 00:00

Op Skylge komt in byld fan de yn 2001 ferstoarne biolooch Victor Westhoff. As earbetoan komme yn sân natuergebieten yn Nederlân byldsjes fan him te stean. Yn Winterswijk stiet al it earste byld.

Op it Waadeilân soe it byld op de boskplaat komme, mar Steatsboskbehear fynt West aan Zee gaadliker. Westhoff wie de earste biolooch dy't wiisde op it beskermjen fan de natuer troch aktyf behear. De inisjatyfnimmers bringe in boek út oer de sân natuergebieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)