Byld Epke by Madame Tussauds

14 des 2012 - 13:30
  • Epke Zonderland London 2012

De súksesfolle Fryske turner Epke Zonderland kriget in waaksen byld by Madame Tussauds. It giet om de ôfsprong krekt nei de prestaasje mei fjouwer flechteleminten dy't him Olympysk goud opsmiet.

De makkers fan Madame Tussauds hawwe op It Hearrenfean west om foto's fan Epke te meitsjen. Der binne ek mjittings dien. Epke hat sels nei Londen west om in klaai-ôfdruk fan syn lichem meitsje te litten. It byld moat yn april klear wêze. It komt te stean by Madame Tussauds yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)