Byld Duisenberg yn sintrum

07 feb 2007 - 17:18
  • In foarstúdzje fan it byld fan Duisenberg

Hearrenfean hat net samar keazen foar it plak dêr't it byld fan âld-bankier Duisenberg komt. Dat skriuwe B en W fan Hearrenfean oan Leefbaar Heerenveen en FNP. Dy binne it der net mei iens dat it byld yn it sintrum, op it plak fan Us Famke, komt te stean.

Us Famke ferhuzet nei it Posthûsteater. It kolleezje hat dêroer oerlis hân mei in stêdeboukundige. De keunstner dy't Us Famke makke hat, kin har ek fine yn de ferhuzing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)