Byld Duisenberg ûntbleate

26 mrt 2007 - 16:46
  • In foarstúdzje fan it byld fan Duisenberg

Op It Hearrenfean is moandei it stânbyld foar Wim Duisenberg ûntbleate. Yn 2005 stoar Duisenberg, in âld-Feanster, dy't bekend waard as minister fan finânsjes, president fan de Nederlandsche Bank en president fan de Europese Centrale Bank.

Duisenberg is hikke en tein op It Hearrenfean. Dêrom stiet it byld op in prominint plakje yn it sintrum. It byld is makke troch keunstner Frans Ram fan Hegebeintum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)