Byld Bonifatius ûntbleate

06 des 2009 - 17:18
  • Byld fan Bonifatius yn Dokkum

Yn de haadtsjerke fan it bisdom Ljouwert-Grins hinget einliks in byltnis fan de beskermhillige. It giet om in brûnzen reliëf fan Bonifatius dat makke is troch de Kollumer keunstner Gosse Dam. It waard sneon by de Sint Jozeftsjerke yn Grins ûntbleate troch biskop De Korte. It byld lit Bonifatius sjen flak foar't er yn 754 fermoarde waard by Dokkum, mei de bibel noch heech en fier boppe de holle. It byld hinget oan de foargevel fan de tsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)