Byld Anita Andriesen ûntbleate

06 nov 2009 - 21:30
  • Keunstner Hans Jouta mei it byld fan Anita Andriesen

Yn Earnewâld is freedtejûn in byld foar de ein ferline jier ferstoarne deputearre Anita Andriesen ûntbleate. It brûnzen byld is makke troch keunstner Hans Jouta. De deputearre sels is yn it byld te werkennen, mar ek in briedende ljip.

It byld is makke yn opdracht fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten en stiet by it lânboumuseum. De ûntbleating waard dien troch Sytse Keizer, de man fan Andriesen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)