Byienkomst yn Nij Beets

07 aug 2010 - 14:50

Yn it doarpshûs fan Nij Beets wie sneontemiddei in ynformaasjegearkomste foar de ynwenners fan it doarp. Der kamen sa'n 200 minsken op ôf. Se waarden bypraat oer de fynst fan fjouwer deade poppen dizze wike yn koffers op de souder fan in 25-jierrige frou út it doarp. De frou wenne noch by har âlders.

De gemeente Opsterlân en it iepenbier ministearje wiene oanwêzich om mear te fertellen oer de saak. Ek Slachtofferhelp wie der.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)