Byienkomst takomst Opsterlân

23 sep 2007 - 12:31

De gemeente Opsterlân hâldt moandeitejûn in diskusjebyienkomst oer de takomst fan de gemeente. Alle boargers en organisaasjes yn Opsterlân kinne har miening en ideeën jaan. De gemeenteried wol dy brûke by it fêststellen fan in fisy oer de takomst.

Dêrfoar binne earder dit jier ek al ferskate byienkomsten holden. Ien fan de fragen dy't yn de diskusje sintraal stean, is hoe't der mei oare gemeenten gearwurke wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)