Byienkomst Sionsberg Dokkum

23 des 2011 - 21:11

In pear hûndert minsken binne freedtejûn ôfkommen op de temajûn oer sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. De jûn wie organisearre troch de aksjegroep Red de Sionsberg. Der is praat oer de problemen dy't in lyts sikehûs as De Sionsberg hat yn in krimpregio.

Under oare Twadde Keamerlid Lutz Jacobi wie oanwêzich. Se fynt dat it sikehûs yntinsyf gearwurkje moat mei oare sikehuzen om kosten te besparjen. Fierder sei se dat se it skandalich fynt dat soarchfersekerder De Friesland net by de byienkomst wie.

De Friesland hat earder witte litten dat salang't de ûnderhannelings noch rinne, se har net yn de diskusje minge wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)