Byienkomst cao metaalsektor

21 okt 2007 - 13:50

It fakbûn FNV Bondgenoten organisearret moandei yn Ljouwert in byienkomst foar leden yn de metaalsektor. Dy leden kinne har dan útsprekke oer de nije cao foar de metaalsektor.

Wurkjouwers en fakbûnen berikten freedtejûn in akkoart. Meiwurkers krije oer in perioade fan 27 moanne 7,15% mear lean. Fakbûnsbestjoerder Anne van Dijk fan it FNV is oer it generaal tefreden oer dat akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)