Byienkomst bakkeburdeklub

21 okt 2007 - 14:56
  • Bakkeburden mei spesjale foarmen
  • Der waarden ek tatoeaazjes set

De earste Fryske byienkomst fan de Bakkeburdeklub wie sneon yn de Lichtboei yn Harns. De klub telt lanlik 860 aktive leden. Yn Fryslân moat de bakkeburd noch oan populariteit winne en dêrom koenen belangstellenden sneon sjen wêr't je oan foldwaan moatte om by de klub te hearren.

Minsken dy't lid wurde wolle, moatte in bakkeburd ha dy't fierder giet as de earlel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)