Byfersekerje foar toskedokter

05 mrt 2004 - 00:00

In soad Friezen fersekerje har by foar kosten fan de toskedokter. De Friesland skreau de ôfrûne dagen 31.000 nije fersekeringen yn. Yn Nederlân binne in heal miljoen minsken net mear fersekere foar de toskedokter. Se kinne it net mear betelje.

Friezen hâlde net fan risiko's en fersekerje har dêrom goed, tinkt in wurdfierder fan de soarchfersekerder. Oant 1 maart koenen sikefûnsfersekerden de oanfoljende fersekering opsizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)