'Bydrage trein is te heech'

17 jan 2002 - 00:00

It Ryk freget it Noarden in te hege eigen bydrage foar de sweeftrein. Dat sei Alders by in ynformaasjegearkomste fan de stjoergroep Zuiderzeelijn. It kabinet neamde in bedrach fan seis miljard gûne. It Noarden soe 2,5 jaan moatte.

Dat komt del op hast 40 prosint en dat is tefolle fynt Alders. Hy bliuwt lykwols optimistysk en tinkt dat yn 2010 mei de oanlis begûn wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)