Bydrage sakelju oan feesten

22 jan 2010 - 15:23

Frjentsjerteradiel wol ûndersykje oft ûndernimmers yn Frjentsjer ferplichte wurde kinne om in finansjele bydrage te leverjen oan de promoasje fan de stêd. De gemeente wol fia in aparte heffing sa'n 125.000 euro ophelje en sels 60.000 euro bydrage. It jild is bedoeld foar it organisearjen fan feesten en kultuerele eveneminten.

Der moat ek in fêste meiwurker fan betelle wurde, dy't lieding jout oan de 200 frijwilligers dy't jierliks meihelpe by de ferskate eveneminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)