Bydrage foar poarte Bears

23 maaie 2007 - 23:50

De Stichting Tsjerke en Poarte Uniastate yn Bears krijt goed 1000 euro fan de gemeente Littenseradiel foar it opknappen fan de fjouwer gevelstiennen yn de poarte fan Uniastate.

Op de stiennen stean de wapens fan de eardere bewenners fan Uniastate. Yn eltse kant fan de poarte sit der ien. De stiennen binne hjir en dêr beskeadige en in pear binne hielendal ûnlêsber wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)