Byb yn Damwâld slút doarren

27 okt 2014 - 10:09
  • Bibleteek Damwâld

Nei 15 jier slút de biblioteek yn Damwâld op 12 desimber definityf har doarren. Leden fan de byb moatte útwike nei festigings yn bygelyks De Westereen of Dokkum. Leden dy't minder mobyl binne, kinne kontakt opnimme mei de biblioteek, dan wurdt socht nei in oplossing. De biblioteken yn De Westereen en Dokkum riede har op dit stuit ta op mear minsken.

Yn De Westereen krijt de byb plak yn de nije brede skoalle. Yn Dokkum wurdt de romte op 'e nij ynrjochte en komt der in nije kolleksje mei e-books en mobile applikaasjes.

De festiging yn Dokkum is yn ferbân mei de ferbouwing tydlik sletten fan 10 oant 29 novimber. Foarôfgeand oan de sluting hâldt de byb in grutte boekeferkeap fan 3 oant 9 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)