Byb Justysje ek foar studinten

24 maaie 2006 - 21:20

De biblioteek fan Justysje yn Ljouwert wurdt no ek tagonklik foar ûndersikers en studinten. Dat kin troch in gearwurking mei dokumintaasjesintrum Tresoar. Tresoar hat al in grutte biblioteek oer rjochtswittenskippen, mar kin besikers no ek trochferwize nei de biblioteek fan Justysje.

Gewoanwei wurde der bûten meiwurkers fan it iepenbier ministearje, gjin minsken talitten yn dy biblioteek. De kolleksje stiet op de Tresoar-website.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)