Byb Feanwâlden faaks ticht

21 jun 2010 - 22:48

It kolleezje fan Dantumadiel toert de kommende wiken troch de gemeente om op ynfojûnen dúdlik te meitsjen dat guon ynstellings ticht moatte. Moandei wie it de beurt oan Feanwâlden omdat dêr de biblioteek slute moat. Nije wike is der in sitting yn De Westereen omdat it doek ek falt foar it swimbad.

De gemeente moat de kommende fjouwer jier hast twa miljoen euro besparje op de begrutting. De minsken meie fragen stelle en krityk leverje. De gemeente beslút op 2 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)