Byb Drachten slút oan by rest

14 mrt 2013 - 19:24

De bibleteek fan Drachten slút as lêste yn Fryslân oan op it automatisearringssysteem fan alle bibleteken mei elkoar. Dat betsjut dat minsken dy't lid binne fan in bibleteek aanst yn alle festigingen te plak kinne om boeken, cd's of dvd's te lienen of yn te leverjen. Harren pas is dan jildich yn alle bibleteken en ek yn histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar yn Ljouwert.

Om it systeem fan Drachten oan te passen op dat fan alle oare bibleteken is de webside fan de Drachtster bibleteek begjin april in pear dagen beheind beskikber.

Snein 7 april is de bibleteek ticht. De tiisdeis dêrnei is alles, as it goed is, klear om wer brûkt te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)