B&W wolle dochs Fryske Marren

12 feb 2014 - 13:46

It kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren kiest dochs definityf foar de Fryske namme. De gemeente hie oant de weryndieling de namme De Friese Meren. Mar nei de gemeenteriedsferkiezingen hat de koälysje fan FNP en CDA derfoar keazen om de nije gemeente De Fryske Marren te neamen.

Dit beslút smiet in soad protest op, ûnder oare om dat de kosten fan de nammewiziging mear as fjouwer ton wêze soenen. Neffens it kolleezje kostet de ynfiering fan de nije namme twa ton. It grutste part fan de kosten sit him yn de automatisearring.

By in peiling dy't yn novimber hâlden waard by de pleatslike gemeenteriedsferkiezings, wie in lytse mearderheid foar De Friese Meren. Dochs fynt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders in nije folkspeiling net nedich. De nammewiziging giet 1 july 2015 yn. De gemeenteried moat der yn maart noch oer te set.

Lês hjir de taljochting fan it kolleezje oer de kosten fan de nammewiziging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)