B&W Skylge: Dellewâl ferkeapje

18 feb 2008 - 22:11

B&W Skylge wolle de Dellewâl ferkeapje. Der wurdt al in skoft praat oer plannen foar de grûn dêr. Sa soe it Sintrum foar Natuer en Lânskip derhinne ferhúzje kinne, kombineard mei in teater, horeka en apparteminten.

De mieningen dêroer rinne lykwols te folle útein, fynt it kolleezje. De grûn soe dêrom oan de Corporatie Holding Friesland ferkocht wurde moatte. De kosten binne 2,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)