B&W Ljouwert net mear as clowns

15 okt 2005 - 08:25

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert sille net mear as clowns foar de ynwenners optrede. Dat sei wethâlder Van Mourik tongersdei nei de twadde en lêste foarjochtingsbyienkomst foar boargers yn in sirkustinte.

Neffens Van Mourik sil it kolleezje faker dit soarte ynspraakjûnen organisearje, omdat dêr ferlet fan is. It Ljouwerter stedsbestjoer sil lykwols net mear as clowns publyk lûke. Der moat wer wat nijs betocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)