B&W: gjin jachthaven B'sweach

26 jul 2006 - 10:31

It gemeentebestjoer fan Opsterlân sjocht neat yn in jachthaventsje by Beetstersweach. Pleatslik belang Beatstersweach hie de gemeente frege te sjen nei de mooglikheden foar in jachthaven flakby in âlde sânwinput.

It kolleezje fan B&W tinkt dat it plan net helber wêze sil. De haven leit flak by in grut stik natoer. Der wurde op wetlike en technyske grûnen te folle beswieren ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)