B&W: drugsopfang nei de Tunen

22 feb 2005 - 21:11

Drugsferslaafden wurde yn de gemeente Ljouwert foartoan opfongen oan de Tunen. Earder lekte al út dat de opfang oan de Sudergrêftswâl tichtgiet. Oan de Tunen komt no in kombinearre opfang foar drugs- en alkoholferslaafden.

Oerlêst lykas yn it ferline moat no foarkommen wurde troch de dei- en de nachtopfang opinoar oanslute te litten. Ek komt der in brûkersromte oan de Tunen. De gemeenteried beslút op 29 maart oer dit foarstel fan B&W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)