Buytendijk bokst net op EK

13 apr 2010 - 15:13
  • Lena Buytendijk (rjochts) yn aksje

Lena Buytendijk fan It Hearrenfean komt dit wykein yn Sheffield net yn aksje foar de Europeeske titel kickboksen. Har gefjocht tsjin titelhâldster Helena Garnet út Ingelân giet net troch fanwege problemen mei de organisaasje. As alternatyf komt Buytendijk dit wykein yn aksje yn Drachten by it koaifjochtsjen.

Se sil dêr yn de koai stride om de earste wrâldtitel yn it Kickboksen Mixed Martial Arts, KMMA, tsjin kickbokster Rachida Halili út Beverwijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)