Buttons foar humaan asylbelied

30 apr 2003 - 00:00

In aksjegroep út Warns wol in humaner asylbelied. In belied dat minsken net te lang yn ûnwissichheid sitte lit oer har status en se net op strjitte set. Mei buttons wolle de inisjatyfnimmers lanlik omtinken freegje foar de problemen. Deputearre Andriesen krige de earste button fan de aksje 'Vogel Vrij'.

Oanlieding foar de aksje is de famylje Mahammoud, dy't al acht jier yn Warns wennet. Noch altyd driget útsetting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)