Bûtensporten by Sportstêd

04 sep 2014 - 16:55
  • Sportstêd Hearrenfean

Sportstêd Hearrenfean krijt der nei de winter in ferskaat oan sportfoarsjennings by. It giet om in fierljepskâns, in park foar saneamde urban sports, keatsmuorren en in oerkape skeelerbaan. De baan soe dêrmei de earste oerkape skeelerbaan wêze en de Sportstêd ferwachtet dêrtroch in soad flecht op 'e koai.

De earste faze fan it projekt kostet tusken de 700- en 800 tûzen euro en dat jild is no binnen. Foar de oerkaping fan de skeelerbaan wurdt noch jildt socht.

Gebrûkers fan de nije foarsjennings binne ûnder oare it CIOS, sportbûnen en it topsportsintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)