Bûtensport foar probleemjeugd

05 nov 2008 - 11:51

Appelskea Outdoor helpt probleemjongeren har libben wer op de rit te krijen. It bûtensportbedriuw hat ferline wike mei 8 jongeren út Stadskanaal oan it survivaljen west.

De jongens fan tusken de 16 en 21 jier hawwe in soad problemen. Se hawwe gjin wurk en brûke in soad alkohol en drugs. De bûtensportwike yn Appelskea is de start fan in reyntegraasjetrajekt. Neffens Jan de Roos fan Appelscha Outdoor binne de earste ûnderfinings bemoedigjend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)