Bûtenposter oppakt mei drugs

09 feb 2005 - 11:07

Yn Bûtenpost binne jonges oanhâlden op fertinking fan it yn besit hawwen fan drugs. In 19-jierrige hie twa pûdsjes yn 'e kapúsjon fan syn jas ferstoppe.

De jonge siet by in groepke fan seis dat op de Parkleane stie. De plysje naam ynearsten alle jonges mei nei it buro. Se fariearje yn âldens fan 15 oant 19 jier en komme út Bûtenpost, Kollum en De Triemen. Nei ûndersyk die bliken dat allinnich de 19-jierrige Bûtenposter drugs by him hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)