Bûtenposter ferwûne rekke

25 jun 2007 - 10:15

In man fan 42 jier út Bûtenpost is sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. It slachtoffer ried oer de Lutkepost en kaam yn in bocht njonken de dyk telâne. De auto knalde tsjin in beam, draaide in pear kear yn de rûnte en rekke dêrnei in oare beam.

De bestjoerder kaam klem te sitten en moast troch de brânwacht út 'e auto helle wurde. Hy hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)