Bûtenpost wol bistegreide

25 sep 2014 - 10:40
  • Wylde Exmoorponys

It CDA yn de gemeente Achtkarspelen wol dat boargemaster en wethâlders Pleatslik Belang Bûtenpost helpe by de plannen foar in bistegreide yn it doarp. Om soks mooglik te meitsjen moat it bestimmingsplan oanpast wurde en dat kostet Pleatslik Belang fiiftûzen euro.

It CDA fynt dat fierste folle. De partij wol fan b. en w. witte oft se Pleatslik Belang temjitte komme kinne yn de saak. Neffens de partij besparret de gemeente mei it bistekampke op grienûnderhâld. Boppedat is in goed foarbyld fan in boargerinisjatyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)