Bûtenpost: Trein skampt trekker

07 feb 2006 - 20:20

By Bûtenpost is tiisdeitemoarn in man ferwûne rekke by in botsing fan in trein mei in trekker. De man wie ynsittende fan in auto dy't fêst siet op de rails. In boer yn de buert seach dat en gie der mei de trekker op ôf.

De ferwûne foel doe't de trein de trekker skampte en de man rekke. De boer siet op dat stuit noch yn de trekker mar kaam der sûnder ferwûningen ôf. It treinferkear GrinsLjouwert wie inkelde oeren stremd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)