Bûtenpost kampioen sneonamateurs

18 maaie 2005 - 14:22

Bûtenpost waard tiisdei kampioen fan de tredde klasse B by de sneonamateurs. Bûtenpost wûn de beslissingswedstriid mei 2-0 fan Feanwâlden. Al nei 5 minuten stie Bûtenpost op in 1-0 foarsprong, troch in doelpunt fan Dorjan Berisha.

Dat like ek de einstân te wurden mar yn de 90e minút krige Feanwâlden in penalty. Jelmer Sijtsma krige de bal yn de goal, mar dat doelpunt waard ôfkard. Mark Broersma makke de 2-0.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)