Bûtenpost hat boartersguodbank

09 okt 2015 - 19:41
  • De boartersguodbank yn Bûtenpost

Op in soad plakken binne itensbanken aktyf dy't yn in grut ferlet foarsjogge. Mar dêr't it keapjen fan iten in probleem is, sil dat grif ek jilde foar boartersguod. In 'boartersguodbank' kin dan in oplossing wêze, bewize de plakken dêr't se al binne. Sûnt freed sit yn Bûtenpost de 'speelgoedbank Op Stelten'.

It giet dêr om in inisjatyf fan trije froulju út de regio dy't hjirfoar ûnderdak fûnen yn it gebou fan Kringloopwinkel Raderwerk oan de Edisonstrjitte.

De boartersguodbank rjochtet him earst op de ûngefear 60 bern fan wa't de âlden gebrûk meitsje fan de voedselbank yn Achtkarspelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)