Bûtenpost en Balk promovearje

23 apr 2011 - 16:38

De fuotballers fan Bûtenpost binne sneon promovearre en spylje takom jier yn de earste klasse. Der waard yn de kampioenswedstriid fan de twadde klasse L wol mei 2-0 fan Feanwâlden ferlern, mar om't konkurrint Broekster Boys ferlear koe de flagge dochs út.

In stapke leger, yn de tredde klasse A, is Balk promovearre nei de twadde klasse. De Balksters wûnen mei 1-0 fan Mulier. Balkster Johannes Altena makke it doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)