Bûtenlânske studinten bealgje yn Fryske natuergebieten

04 sep 2015 - 17:15

Fryske natuergebieten tsjinje as foarbyld foar bûtenlânske studinten. Ien fan dizze natuergebieten is De Mieden yn Achtkarspelen. In groep bûtenlânske studinten út ûnder oare Turkije, Japan en Portugal hat twa wiken oan it wurk west yn it natuergebiet fan Steatsboskbehear om te learen hoe't soks moat.

Twa boskwachters hawwe mei de studinten oan it wurk west yn it hea. De studinten hawwe in soad fan it wurk leard. Wol moasten sy wenne oan it kâlde waar. Snein geane de studinten wer werom nei har eigen lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)