Bûtenlânsk platekontrakt Lawn

16 feb 2009 - 20:26
  • Lawn

De Fryske-Grinzer groep Lawn hat in platekontrakt tekene by 'Make My Day Records' út Düsseldorf. De nije platemaatskippij sil it album 'Silver' fan Lawn op de merk bringe yn Dútslân, Eastenryk en Switserlân. 'Silver' is ek al yn Nederlân útbrocht.

De platemaatskippij besjocht noch oft de CD ek yn Sweden, Itaalje, Frankryk en Spanje útkomme kin. Silver is it tredde album fan Lawn. De groep is ek bekend fan it Frysk Popgala, dêr't se mei it Frysk Symfoanysk Orkest spilen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)