Bûtenlanners helpe yn natuer

25 aug 2011 - 15:21

In groep ynternasjonale studinten sil nije wike boskwachter Huizinga fan Steatsboskbehear yn Achtkarspelen helpe mei wurksumheden oan de natuer. De studinten komme ûnder oare út Turkije, Japan en Wyt-Ruslân.

De wurksumheden dy't se dwaan moatte wurde benammen dien yn natuergebieten dy't net mei masines ûnderholden wurde kinne. Neist hânmjittich meanen en snoeien wurde ek in tal kuierpaden opknapt. De groep ferbliuwt sa'n twa wike yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)