Bûtenlanners helpe Steatsbosk

30 aug 2011 - 14:27

Tweintich frijwilligers út de hiele wrâld wei helpe op it stuit Steatsboskbehear mei ûnderhâldswurk. Yn natuergebiet De Mieden by Twizel meane en snoeie se op plakken dêr't it te wiet is foar grut ark.

De dielnimmers oan it natuerkamp komme ûnder oaren út Japan, Itaalje, Oekraïne en Spanje. Se komme fia de Stichting Ynternasjonale Frijwilligersprojekten nei Fryslân om twa wiken frijwillich yn de natuer te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)