Bûtenhavens Iselmar útbaggerje

12 maaie 2011 - 14:38

Jachthavens bûten de diken fan 'e Iselmar kinne no ek in berop dwaan op de baggerregeling yn it Fryske Marre-projekt. De regeling bestiet al sûnt 2008. Hy wie oant no ta inkeld bedoeld foar binnendykse Iselmarhavens.

De bûtendykse havens binne wichtich foar boatsjefarders dy't oer de Iselmar nei Fryslân komme, en dus foar it toerisme yn de provinsje. Dêrom is besletten de regeling út te wreidzjen. De regeling jildt noch oant 2015.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)