Bûtenfriezen wolle Fryske soarch

28 jan 2004 - 00:00

Friezen-om-utens dy't werom wolle, hâlde de wachttiden foar in plak yn in ferpleech- of fersoargingstehûs lang. De wachtlisten binne hjir minder daald as yn 'e rest fan it lân. Sawat tûzen wachtsje no op it fersoargingshûs en twahûndert op it ferpleechhûs. Oer it hiele lân waarden de wachtlisten yn 'e soarch mei 25 oant 30 prosint koarter. Wachtsjenden kinne lykwols wol yn in pear wiken tiid thússoarch krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)