Bûtenfjild slimmer fersmoarge

14 apr 2007 - 14:20
  • Bûtenfjild is slimmer fersmoarge as earder tocht waard
  • Der sitte ûnder oare PCB's en swiere metalen yn

It grûnwetter by it Bûtenfjild by Feanwâlden is slimmer fersmoarge as tocht waard. Der sitte ûnder oare PCB's en swiere metalen yn. Dat befestiget de provinsje.

Yn de sechtiger jierren wie it stoart by Feanwâlden bedoeld foar hûsôffal út Ljouwert. Neffens omwenners waard ek fan oare plakken smoargens oanfierd. It is de fraach oft it grûnwetter skjinmakke wurde moat. Dat hinget ôf fan de aktiviteiten yn it Bûtenfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)