Bûtendyks fytspaad It Bilt

19 des 2005 - 13:23

De gemeente It Bilt krijt 60.000 euro foar de oanlis fan in bûtendyks fytspaad oer in lingte fan sa'n 6 kilometer te'n easten fan Zwarte Haan. Fan Europa út is 40.000 euro beskikber steld en de provinsje jout ek 20.000 euro. De wurksumheden sille yn april 2006 útfierd wurde en fan 1 maaie 2006 ôf kin it fytspaad brûkt wurde.

Op de rûte sille fiif panelen pleatst wurde dêr't fytsers op lêze kinne wat der bûtendyks te sjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)