Bûtendoardei foar berneopfang

30 sep 2010 - 14:56

De 2600 bern fan berneopfang SKL yn Ljouwert hawwe tongersdei sawat de hiele dei bûtendoar boarte. De reden dêrfoar is dat bern wolris wat te folle binnendoar sitte, yn 'e opfang likegoed as thús.

Berneopfang SKL sit yn 'e gemeente Ljouwert. Der binne mei-inoar 23 opfangplakken. De organisaasje hat him de lêste tiid ferdjippe yn bûtendoar boartsje. Guon meiwurkers hawwe dêrfoar sels nei Skandinavië west om te sjen hoe't se it dêr oanpakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)