Bûtenboardmotordieven oppakt

30 maaie 2010 - 13:52

De plysje hat sneontejûn twa Snitsers fan 60 en 32 jier oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in bûtenboardmotor. De plysje krige de melding fan it rôvjen fan in bûtenboardmotor fan in boat yn de Frjentsjerterfeart. De dieders hiene de motor yn harren auto laden.

De plysje fûn deselde auto justjes letter op de Pieter Zeemanstrjitte. Yn de auto, ferstoppe ûnder in kleed, lei de bûtenboardmotor. Der lei ek in betonskjirre yn de auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)